Hea! fan 6 maart 2019 17:35

Foar teäter meitsjen bist nea te âld. Sadwaande rjochte teätermakster Gea Struiksma fjouwer jier lyn senioareteäter De Rimpel op. Ien fan de dielnimmers is de 89-jierrige Gusta Olivier Vonk, har efternamme docht miskien in beltsje rinkeljen. Fan toanielspyljen fleuret se hielendal op. Frou Olivier hie graach aktrise wurde wollen mar dat rûn oars.

Ienris yn de twa jier moatte de 109 linebeammen op it tsjerkhôf fan Marrum snoeid wurde. In hiele put, dy't bytiden fjouwer wiken yn beslach nimt. Lokkich hoecht koster Geert Dijkstra it wurk net allinnich te dwaan. Ferskate frijwilligers -op leeftiid- stekke graach de hannen út de mouwen.

Teatergroep De Rimpel

Omdatst foar teater meitsje nea te âld bist is yn Ljouwert sûnt in jier as fjouwer teatergroep De Rimpel, spesjaal foar 50-plussers.

Linebeammen snoeie yn Marrum

Ienris yn de twa jier moatte de 109 linebeammen op it tsjerkhôf snoeid wurde. In grutte put, dy't troch frijwilligers op leeftiid oppakt wurdt.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)