Hea! fan 6 maart 2018 17:35

    Mei leafde hat hy it 42 jier dien: by boeren del om molkemeunsters te nimmen en de liters molke de ko te notearjen. Meunsternimmer Jan Haga fan Kolderwâlde is 70 jier wurden, en no moat hy mei it wurk ophâlde. Syn boeren binne wiis mei him, want: "De kij wurde der net oars fan as Jan yn de melkput omstapt." By de maatskip Landman nimt Haga foar de lêste kear de meunsters.  

    Meunsternimmer

    Meunsternimmer Jan Haga fan Kolderwâlde hâldt nei 42 jier op mei syn wurk. 

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)