Hea! fan 6 maart 2017 17:35

    Cees Zijsling fan Drylts hat mar leafst 35 jier by de brânwacht west. No is it tiid om der mei op te hâlden. Mar syn kollega's litte him net samar gean. Zijsling krijt in rûnrit troch de stêd yn in stoet fan âlde brânwachtauto's.
    Yn Nij Altena treffe we Sytse Tijtsma. Hy is drok dwaande mei it opmjitten fan de blomperken by de dyk lâns. Dêr moat wat nijs yn komme. Tijtsma wurket by Empatec fanwege syn beheining. As 19-jierrige jonge krige hy in slim motorûngelok en waard ôfkard. Mar hy wurket no al wer hiel wat jierren mei wille by it wurkfoarsjenningskip.

    Brânwachtman Zijsling

    Cees Zijsling fan Drylts nimt nei 35 jier ôfskied fan de brânwacht. Mar syn kollega's litte him net samar gean...

    Goeie yn Nij Altena

    Sytse Tijtsma mjit yn Nij Altena de blomperken op. Hy wurket al wer hiel wat jierren yn de grienfoarsjenning foar wurkfoarsjenningskip Empatec.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)