Hea! fan 6 maaie 2019 17:35

Yn Raerd wurdt manmachtich wurke oan it opknappen fan de âlde gymseal. It sealtsje wie bot ferâldere, en de gemeente woe der wol ôf of it oars slope. Mar dat seagen de Raerders net sitten. It doarp kocht it gebou oan, rjochte in stichting op en sammele jild yn foar in grutte opknapbeurt. Fyftich frijwilligers melden harren oan om mei te helpen by de opknapbeurt. En dat is wol nedich, want der moatte hiel wat ladingen pún en sân ferkroade wurde. 

De bloeiende tulpen by Dronryp lûke hiel wat minsken dy't in foto nimme wolle. Ek Rick en Meike sette harren sels der moai op tusken de blommen. Se ha it wol oan tiid, want se hoege pas nei de simmer wer nei skoalle. 

De gymseal fan Raerd

Meielkoar knappe de Raerders de âlde gymseal yn it doarp op. 

Goeie tusken de tulpen

Rick en Meike sette harren sels op de foto tusken de tulpen yn Dronryp. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)