Hea! fan 6 maaie 2014 17:40

Marcel Ponne fan Nijhoarne is syn hiele libben al gek op frachtweinen en sûnt syn 18e dan ek op de dyk te finen. Hy ferfiert strie en hea en elkenien op de rûte is wiis mei Marcel. Marcel is in hurde wurker en hat altyd in goed sin. Sa'n 10 wike lyn hat Marcel in ûngemak hân en rekke syn frachtwein folslein total loss. Dat wie grutte skrik, maar yntusken hat Marcel in nije Scania V8 en is wer hielendal op it skik.

Gerrit Boskma fan Damwâld hat syn hiele libben by de DEM yn Rinsumageast wurke en it is hjoed syn âlderlêste wurkdei. Gerrit is in unikum, want 46 jier by itselde bedriuw wurkje, dat dogge net safolle minsken him nei. De kollega's fan Gerrit ha in hiele spesjale, betide wize fûn om Gerrit te ferrassen...

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)