Hea! fan 6 juny 2019 17:25

By de pleats Surfenne yn Allingawier is it op dit stuit in drokte fan belang. Der hingje in soad nêsten mei sweltjes ûnder it dak. Mear as 60 sweltsjes jouwe deistich de moaiste konserten. Mar ek yn de skuorre is alle dagen muzyk. Dêr fynt Klaske de rêst yn de muzyk en sit alle dagen efkes achter har oargel. Jacob en Klaske genietsje hjir beide fan.

Mien Oosterwoud is 73 jier en in drok baaske. Mei Camping it Koningsdiep en har opfokbedriuw foar hynders yn Oerterp is se 24 oeren deis drok dwaande. It wurdt no dochs wat tefolle en se ferkeapet har bediuw. Mar dat betsjut net dat Mien achter de geraniums sitte sil. Ek op har nije wat lytsere plakje soarget Mien der foar dat se net stilsit.

HEA! genietsje yn Allingawier

Moaie konserten fan Klaske en de sweltsjes.

HEA! Mien Oosterwoud is altyd drok.

Alle dagen yn de wike folle kracht foarút.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)