Hea! fan 6 juny 2017 17:35

    Sa foar de simmer echt begjint moatte skiep wer út harren waarme wollen jas holpen wurde. En dan binne dêr Kees Brans en Ype van der Woude. De mannen skeare skiep foar harren berop en dat kinne se hiel rap. Se brûke in metoade dy't oerkaam is út Nij Seelân, it lân fan de skieppeboeren.
    At je 37 jier by de benzinepomp wurke ha, ha je hiel wat ferhalen heard, En dat jildt seker foar Jaap Zijlstra fan Dokkum. Al dy jierren hat er hiel wat mei syn klanten dield, mar altyd gie er mei wille nei syn wurk. En no is it tiid foar pensjoen.

    Skieppeskeare

    Skieppeskearders Kees Brans en Ype van der Woude kinne in skiep yn heech tempo út harren jaske helpe.

    Oan'e pomp

    Jaap Zijlstra nimt nei 37 jier ôfskied fan syn wurk by de benzinepomp yn Dokkum.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)