Hea! fan 6 jannewaris 2021 17:15

Twa jier lyn folge Anita Exterkate út Aldeholtpea in kursus bisten neitekenjen. Se tekene har kat nei. "Ik zette de tekening op Facebook en een oud-klasgenootje reageerde: 'he he, eindelijk doe je er wat mee.'" Doe't minsken trochkrigen dat Anita hiel goed tekenje koe, waard sy hieltyd faker frege om ek in oar syn bisten op papier te setten.

En Wietze en Anita Meijerhof út Donkerbroek sparje al goed fyftjin jier allegear âlde produkten út de perioade 1900-1980. De sammeling fan poppeprodukten fan Anita stiet yn de wenkeamer. De kolleksje fan Wietze hat in gaadlik plak yn it nostalgysk museumke yn it túnhok. Gauris krije se doaskes mei âld guod taskood fan minsken út de buert, dy't de souder opromje. 

Bistetekener Anita Exterkate

Anita freget altyd in lytse fergoeding. "Daar betaal ik mijn onkosten van en de rest gaat naar de opvang van zwerfdieren op Kreta."

Nostalgysk museumke

Koartlyn krigen Wietze en Anita potsjes sjem fan 75 jier âld, in needrantsoen út de Twadde Wrâldoarloch.

HEA!

Hea! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)