Hea! fan 6 febrewaris 2019 17:35

Moai yn 'e pronk mei tule of just in straf lyfke mei in soepel fallend stofke. Troude froulju út Rie en omkriten lûke -nei soms mear as fyftich jier yn de kast hongen te hawwen- harren dreamjurk wer oan, en litte sjen hoe't sy skitteren op harren grutte dei. Sels neamt er it syn 'PIZ-winkel', ofwol syn 'Pensioeninzicht'. De winkel fol mei retromeubels en atributen út de jierren 60 en 70 folt Jan IJsbrandy fan De Gordyk mei guod dat er sels yn Sweden ophellet.

Op 'e catwalk yn beppe har troujurk

Sanne fynt it dochs wol hiel bysûnder om de jurk oan te hawwen dêr't har beppe mear as fyftich jier lyn yn troude.

Bysûndere reiskoffer út 1919

In bysûnder ferhaal hinget dochs wol oan de hûndert jier âlde reiskoffer fan in Sweedsk echtpear, dy't Jan IJsbrandy foar in pear euro op de kop tikke.

Hea!

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)