Hea! fan 6 febrewaris 2017 17:35

    Marnix Oudega fan Tytsjerk en Jan de Vries fan Weidum binne echte fûgelfreonen. Geregeld binne se it fjild yn, op syk nei moaie fûgels dy't se noch net earder foar de lins hân ha. HEA! gie mei harren mei, in slach troch natuergebiet De Griene Stjer by Ljouwert.
    De breidsbeurs yn Ljouwert lûkt wer hiel wat froulju en steltsjes dy't graach trouwe wolle. De measte besikers binne dan ek fol ferwachting fan wat der komme sil. Guon oaren kinne it klappen fan de swipe al wol...

    Fûgelspotters

    Fûgelfreonen Marnix Oudega en Jan de Vries meitsje in slachje troch De Griene Stjer op syk nei bysûndere waarnimmingen.

    Breidsbeurs

    Hiel wat oansteande breidsjes litte harren graach ynformeare oer alles op it mêd fan trouwen op de Breidsbeurs yn Ljouwert.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)