Hea! fan 6 desimber 2018 17:35

Sûnt heal oktober binne se der al mei dwaande. De buorlju Koers en Boon fan Sânhuzen libje harren hielendal út mei it fersieren en ferljochtsjen fan harren huzen foar de Krystdagen. Wolfgang Koers is elektrisien, dus mei de stroom en de snoeren sit it wol goed. De beide Krysthuzen lûke alle jûnen in soad pubyk, dat sels yn de auto foarby riden komt om de ljochtsjes te bewûnderjen. 

Diedert Frankema bringt syn motor yn Nij Beets by syn maat Henk Bakker. Bakker repareart foar him de útlaat, foardat de motor yn de winterstalling giet. Bakker is hiel handich mei motors, hy hat sels ek in moaie âlden restaurearre, dêr't er no mei racet. 

Krysthuzen

De útbundige Krysthuzen fan de famyljes Boon en Koers yn Sânhuzen. 

Goeie Nij Beets

Diedert Frankema en Henk Bakker fan Nij Beets diele de leafde foar motors. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)