Hea! fan 6 desimber 2016 17:35

Back to the fifties mei it hier yn 't fet! Marc de Jong út Ljouwert is noch mar 22 jier, mar syn hier draacht er âlderwetsk lykas sechstich jier lyn. En foar dy moaie fetkúf makket er syn eigen pomade. Omdat oare soarten hierfet net foldienen. En it is ek al te keap, sels út Amearika wei is der belangstelling.
Marijke Rijpkema fan Broek lit har Fryske hynders Richtje en Berber even lekker drave. Oan Berber sit in bysûnder ferhaal. It is ien fan de trije hynders fan har ferstoarne heit. Oan alle trije dochters liet er ien hynder nei.

Hierfet fan Marc de Jong

Foar in âlderwetske fetkúf moatte je by Marc de Jong fan Ljouwert wêze. Hy makket sels pomade dêr't je sa'n moai fifties-kapsel mei meitsje kinne.

Berber út Broek

Oan de Fryske merje Berber sit in bysûnder ferhaal. Marijke Rijpkema krige it hynder fan har ferstoarne heit. Trije hynders hie hy, foar alle dochters wie der nei syn dea ien.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)