Hea! fan 5 septimber 2017 17:35

Se ha it harren sels hielendal oanleard en somtiden giet it wolris mis. Griet Wassenaar en Janny Terpstra fan Menaam binne der in soad op út mei harren scootmobyls. Se genietsje fan elke rit, ha in soad wille, mar binne sa no en dan ek in gefaar op de dyk.

It wie in drokte fan belang yn it wetter by Kollum. Alles wat opblaasber is, koe meidwaan oan de 12-stêdetocht op it wetter.

Griet en Janny op de scootmobyl

It dynamyske duo fan Menaam.

De rubberboatrace

De 12-stêdetocht op it wetter yn Kollum.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)