Hea! fan 5 maart 2018 17:35

Al jierrenlang plakke Rikkert Hooijenga en Pieter Zeilstra posters yn de ferkiezingstiid. Rikkert wie earst fan de FNP, mar no't syn soan op de list stiet foar de ChristenUnie, set hy him dêr foar yn. En de dochter fan Pieter stiet op twa. Hiel Tytsjerksteradiel komt fol te hingjen mei it kampanjemateriaal, mar ûnderweis ferjitte se ek wolris wat. En dan moatte der ek noch peallen de grûn yn foar de spandoeken. 

De Elgersma's fan Skraard binne oer de hiele wrâld útwaaiere, mar mei harren famyljeblêd ûnderhâlde se dochs de bân mei elkoar. Ien kear yn 't jier ferskynt 'De Ielstekker', it krantsje mei dêryn allegearre ferhalen út de famylje fan doe en no. Sa bliuwt elkenien op de hichte. De redaksje besiket no ek de nije firtuele paden yn te slaan mei bygelyks Facebook. 

Kampanje-tiid

Rikkert en Pieter plakke ferkiezingsposters yn Burgum. 

Famyljeblêd

It famyljeblêd fan de Elgersma's. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)