Hea! fan 5 maaie 2012

Op de buorkerij fan de famylje Kingma yn Hantumerútbuorren hawwe se in pear bysûndere kij. Se binne spesjaal kocht foar it fuorjen fan 'e lammen! De Kingma's hawwe tûzenen skiep, en dus ek in hiel soad lammen. Elk jier binne der ek altyd hiel wat wouterkes. En om dy sa ekonomysk mooglik te fuorjen hawwe se dus de kij op stâl stean. Elke ko hat wol 20 wouterkes te fuorjen!

En yn Dokkum sizze wy Goeie! tsjin de brêgewipper. Dy docht krekt de brêge omheech. It docht bliken dat hy wol wat rekken hâldt mei de minsken dy't der gauris del moatte...

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)