Hein Weewer fan Seisbierrum is timmerman, iismaster én slakkekweker. Hy is de eigener fan de iennichste slakkefarm dy't Fryslân ryk is. Hy ferkeapet syn slakken oan restaurants en partikulieren. Op dit stuit hat hy sa'n 10.000 slakken en it is de bedoeling dat dat der 50.000 wurde.
En Jaap Beetsma fan Weidum is de grutske eigener fan de sleepboat Feint. Dit farrend monumint is al mear as 120 jier âld.