Hea! fan 5 juny 2012

Ineke Lammers wurket yn soarchsintrum it Teatskehûs yn Blauhús. It like har geweldich as de bewenners op de fyts kinne soene. Der wie dus in duofyts nedich en dy kostet jild. Ineke Lammers moast hiel wat dwaan om it jild byinoar te krijen, mar it is slagge. En no koe de fyts feestlik presentearre wurde oan de bewenners. Fansels moast der ek in ritsje makke wurde.

Yn Goeie! binne wy by in pleats yn Tsjerkgaast. Dy stiet der al mear as hûndert jier en it liket wol oft de tiid dêr beferzen is.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)