Hea! fan 5 jannewaris 2015 18:20

Muzykferiening Crescendo Holwert ferlit nei sawat 120 jier harren oefenromte yn "Het Amelander Veerhuis" yn Holwert om nei de nije multyfunksjonele akkommodaasje yn it doarp te gean. Der moat hiel wat ferhuze wurde en der is dan ek in hiele ploech oan it sjouwen.

Jan Steenhof is 81 jier âld en ferkeapet syn heale libben al fleis. Hy ken al syn klanten en hat alle wiken wol wer in goeie mop. Jan docht de ferkeap al mear as 25 jier en foaral syn positive libbenswize, gjin geëamel en gjin geseur is prachtich om te sjen. Spitigernôch moat hy no ophâlde mei dit wurk want syn fuotten litte him yn de steek.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)