Se is noch mar 23 jier, mar hat no al de baan fan har libben. Amanda Lijnema is boskwachter op Flylân. En Amanda kin ek hiel goed út de fuotten mei in kettingseage. Dat is fansels hiel handich yn je wurk as boskwachter. Ynkoarten docht se sels mei oan it Europeesk kampioenskip Bosarbeid yn Hongarije.
By de tsjerke yn Surhústerfean is it allegearre drokte. Frijwilligers binne dwaande mei in nij lokaal by De Lantearne.