Hea! fan 5 desimber 2019 17:20

Frysk hynder Tjolke en shetlandpony Nora ha in bysûndere bân. Se kinne net sûnder elkoar. Hjoed is it yn Hijum grut feest want Sinteklaas komt en tegearre helje de bisten him binnen. 

En yn Aldebiltsyl komme we Bowe en Gerlof tsjin. Se ha harren skuon opsetten by De Oprommer en sille no harren kadootsjes ophelje. En Bowe hat syn takomst al hielendal úttocht. Hy wol kameraman wurde by it programma Hea!

In bysûndere yntocht foar Sinteklaas

Frysk hynder Tjolke en shetlander Nora helje Sinteklaas binnen yn Hijum

Goeie! yn Aldebiltsyl

Bowe en Gerlof fan Aldebiltsyl sille sjen wat Sinteklaas yn harren skoech dien hat. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)