Hea! fan 4 septimber 2019 17:20

Durkje Klaver út Ljouwert wie 50 jier lyn mar wat bliid doe't har man thúskaam mei in stofsûgerdoaze. "De âlde stofsûger waard wat minder, dus dat kaam goed út." Der kaam lykwols hiel wat oars út: in skyldpod. It bistke wennet sûnt dy tiid by frou Klaver yn 'e hûs. Op it balkon hat er syn eigen plakje en oerdeis skarrelet er wat om en fret er hûnebrokjes.

En yn de tredde ôflevering fan it doarpsfeest fan Folsgeare moatte wat spieren toand wurde. Want mei it tema 'Skots en skeef' komme je net ûnder de Highland Games út. Dus dat wurdt toulûke, omstappe mei grouwe peallen en swiere gewichten tille. 

Skyldpod Stoffel stapt al 50 jier om yn Ljouwert

Op it balkon hat er syn eigen plakje en oerdeis skarrelet er wat om en fret er hûnebrokjes.

Doarpsfeest Folsgeare: diel 3

Op de tredde dei fan it doarpsfeest stean de Highland Games op it program, want dat heart dochs wol in bytsje by it tema 'Skots en skeef'.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)