Hea! fan 4 septimber 2018 17:35

De famylje Bakker fan Snakkerbuorren sil ferhúzje. Se rinne nei de santich, en wolle der op klear wêze at it treprinnen skielk te dreech wurdt. En dus ferruilje se harren hûs oan de Dokkumer Ie foar in appartemint in ein fierderop rjochting Ljouwert. Mar wol wer oan de Dokkumer Ie. En de ferhúzing kin dus moai oer it wetter, âlderwetsk mei in sylpream! En de bern op kemping De Kleine Wielen by Ljouwert wurde ek net fergetten. Kemping-maskotte 'Ons Mem' is populêr by de bern en de fammen fan it animaasjeteam betinke allegearre leuke aktiviteiten foar harren. En foar de spûketocht bliuwe je sels leaver op de kemping, as dat je nei Bonaire gean. 

Ferfarre oer it wetter

De famylje Bakker ferhúzet mei in pream oer de Dokkumer Ie fan Snakkerbuorren nei Ljouwert. 

De kemping, diel 2

Foar de bern is der genôch te belibjen op kemping De Kleine Wielen by Ljouwert. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)