Hea! fan 4 septimber 2017 17:35

    Brullende motors en tûzenen pk's op it Fuel Power Event yn Tsjom. Dêr genoaten tûzenen besikers fan it geweld fan grutte trekkers, auto's en frachtweinen. Mooglik makke troch in leger oan frijwilligers. En fansels meie de tút-missen ek net ûntbrekke.
    Frank Slootweg wennet yn in Yurt, in selsboude nomade-tinte. En dat foldocht him sa goed, dat er eins nea wer oars wol. En hy kin him hielendal sels rêde, allinnich foar de stroom sit hy noch op it elektrisiteitsnet.

    Trekkerpulling

    Brullende motors yn Tsjom op it Fuel Power Event.

    Wenje yn in Yurt

    Frank Slootweg út Nijeberkeap wennet yn in selsboude Yurt. 

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)