Hea! fan 4 septimber 2013

Harm Nicolai fan Kollum makket al mear as 30 jier de krânsen foar de Driesumer keatsparty. Mar no't hy 90 jier is, wurdt it tiid om der mei op te hâlden. Dit jier foar it lêst, mar dat giet him wol oan it hert. Hy mei it sa graach dwaan.

Yn Goeie! ditkear in wol hiel bysûndere. Net makke yn Fryslân mar yn Tadzjikistan. Dêr wieyn augustus in groepke fryske jongeren frijwillich oan it wurk. Se binne folge troch in kameraploech, en dy hat lyk mar in Goeie! makke, hielendal yn Hea! styl. (foar mear ynfo sjoch www.stichting-tadzjikistan.org)

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)