HEA! fan 4 maart 2021 17:20

Fan oktober ferline jier ôf wurdt der al wurke oan it opknappen fan de wâlskanten fan De Luts yn Balk. In sekuer putsje foar de mannen fan it boubedriuw út Drachten. De kaaimuorre wurdt yn stikken seage, de parten wurde der út tild en ferstevige mei beton. Foar de stukadoaren dy't it foechwurk werstelle wurket it in stik nofliker op de wâl. Harren wurk is de 'finishing touch'. 

Piebe Wester (81) besiket alle dagen noch in blokje om te gean, mar rinnen slagget net sa bêst mear. De leeftiid begjint mei te spyljen. De Earnewâldster makket him net sa drok om de jûnsklok, want om dy tiid hinne giet hy der dochs noait mear út. Wester makket him mear soargen oer it skûtsjesilen en as dat dizze simmer wol wer trochgiet. Sels hat hy 25 jier yn de kommisje fan Earnewâld sitten. 

De muorren fan de Luts

Yn Balk wurdt hurd wurke oan it werstel fan de kaaimuorren fan de Luts. 

In slachje om yn Earnewâld

Piebe Wester makket in kuierke troch syn doarp. 

HEA!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)