Hea! fan 4 maaie 2017 17:35

    Dirk van der Meulen sammelet âlde legerauto's út de Twadde Wrâldoarloch, lykas jeeps, trucks en sels in amfibyfoertúch. Van der Meulen is in belutsen lid fan Keep them Rolling, en docht geregeld mei oan de tochten mei it âlde Amerikaanske en Kanadeeske legermaterieel. Ek al is hy fan fier nei de oarloch, Van der Meulen is 37 jier, it ferhaal derachter makket noch altyd djippe yndruk op him.

    Legerauto's

    De kolleksje legerauto's út de Twadde Wrâldoarloch fan Dirk van der Meulen.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)