Hea! fan 4 maaie 2015 18:20

De learlingen fan de Piet Bakkerskoalle fan Snits sille oan de slach foar it befrijingsfestival Ljouwert. Dêr sille sa'n 5000 'koetjesrepen' in oare wikkel krije. It is deselde wikkel as dy't by de befrijing yn 1945 útrikt is troch de Kanadezen. Op 5 maaie sille se ek wer útdield wurde...

It is syn lust en syn libben, it kearske op de taart en hy kin en wol der net mear sûnder. Henk de Vries en syn hiele famylje binne hielendal sljocht fan harren Dodge WC 62. Syn hiele libben hat Henk al wat mei de skiednis, de Twadde Wrâldoarloch en alles wat dêrby en oan ferbûn is. Hy tinkt der elke dei wol oan en alle kearen wurdt Henk wer emosjoneel as it twa minuten stil is op 4 maaie...

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)