Hea! fan 4 juny 2019 17:25

Hy fynt it in machtich putsje. Feebehearder Gerben Bootsma fan It Fryske Gea bringt in keppel Gasconne-kij nei simmerpolder De Wyldlannen yn de Alde Feanen. En dat moat mei de boat. It fleisfee beweidet de polder sadat der in moai ferskaat oan begroeiïng ûntstiet. Foar novimber moatte de kij wer fuort, want dan komt der wetter oer. En dan fart Bootsma syn bistjes wer werom.

Gerke Dijkstra fan Kollum mist al hiel lang it sicht yn ien each. Doe't hy in jier as fjirtich wie krige hy op de buorkerij rommel yn it each. Dat is net goed kaam en hy rekke bliuwend blyn op links. Dochs bliuwt Dijkstra der kalm ûnder. Hy sit der mear oer yn at hy wol wer troch de keuring foar it riidbewiis komt. 

Gasconne-kij op de boat

De gasconne-kij fan It Fryske Gea wurde mei de boat nei haren simmeradres brocht. 

Goeie! yn Kollum

Gerke Dijkstra mist al tsientallen jierren it sicht yn ien each, mar hy bliuwt der kalm ûnder. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)