Hea! fan 4 juny 2018 17:35

It moaiste wurk dat der is, is wurkje op it lân mei hynders. Dat seit Jan Drost fan Ferwert. Foar him gjin grutte trekkers mei in soad PK's of mega-lânboumasines, mar meane, skodzje en swylje mei in span hynders. Drost is al fan bernsôf oan fertroud mei hynders, en de hynders wurkje ek graach foar him. Foaral it hynder Ferrari, dat sa hurd wol dat de oaren him hast net byhâlde kinne. 

Foar Casper en WIlma Lemstra is it grutte genietsjen begûn. Beiden ha harren libben lang yn de hoareka wurke mar no binne se mei pensjoen. Mei harren sels opboude boatsje genietsje se fan fiskjen en sinnebaaien. 

Yn it hea

Jan Drost fan Ferwert swilet it hea noch mei hynders. 

Boatsje

Casper en Wilma Lemstra genietsje yn harren boatsje fan de frije tiid. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)