Hea! fan 4 juny 2014 17:40

Annet Travaille en Jan Bok fan Frjentsjer binne fan hûs út net de supersportyfsten. Mar yn de kroech fan Annet en ûnder it genot fan in buorrel ha se mei harren grutte mûle sein, dat se op pinkstermoandei de Alvestêdetocht fytse sille. Dus der moat traind wurde en ek dêr rint it noch net hielendal soepel. Mar se sjogge it beide sitten en gean der foar….al wie it mar om't se ek net mear werom kinne, mar ek foar it goeie doel.

Kommende moandei folgje wy Annet en Jan by harren 235 kilometers by it live tillevyzjeprogramma fan de fytsalvestêdetocht by Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)