Hea! fan 4 febrewaris 2021 17:15

Hoe kinne je dochs je dûnslessen trochsette yn dizze coronatiid no't dat binnen net mear kin? Dan geane je nei bûten te dûnsjen! Dat betochten de minsken fan DIF, Dansen in Friesland. Foar harren learlingen tusken de 5 en 17 jier makken se in dûnstocht fan sa'n oardel oere, hielendal coronaproof mei dochs genôch beweging om waarm te bliuwen. 

Heit Wladimir de Gier út Harns mei graach mei syn jonges fuotbalje. Sûnt de jonges wer thús skoalle folgje is it fêste prik: as thússkoalle ôfrûn is nei bûten en fuotbalje! Riley en Brody fine it ek moai. Mar se ha der ek wol wer sin oan om nei skoalle ta. 

Bûten dûnsje

In bûten-dûnstocht yn Akkrum om yn beweging te bliuwen. 

Fuotbalje yn Harns

Riley en Brody meie graach in potsje fuotbalje mei harren heit. 

HEA!

Hea! is der wer yn septimber !! It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)