Hea! fan 4 febrewaris 2019 17:35

Barteld Post fan Wjelsryp hat in bysûndere leafhawwerij foar in jonge fan 15 jier: hy is gek op tsjerkeklokken. Al as sawnjierrige rekke hy ûnder de yndruk fan it djippe en donkere lûd fan de klokken. No besiket Barteld safolle mooglik Fryske klokken fêst te lizzen op film. Dizze filmkes komme dan wer op ynternet foar de Stichting Alde Fryske Tsjerken. 

Yn de blommesaak fan Remco Volbeda op It Hearrenfean komme hiel wat libbensferhalen foarby. En Volbeda fernimt ek wolris dat klanten wat goed te meitsjen ha mei in blomke. Mar diskreesje is alles: dêr wurdt fierder net oer praat. 

De klokkejonge fan Wjelsryp

Barteld Post fan Wjelsryp is gek op âlde tsjerkeklokken. 

Goeie! De blommesaak fan Volbeda

Remco Volbeda heart yn syn blommesaak op It Hearrenfean hiel wat libbensferhalen foarby kommen. 

Hea!

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)