Hea! fan 4 desimber 2019 17:20

De famylje Van der Wal fan Tsjerkgeast hat ien grutte passy yn it libben: sporte mei huskys, Patrick en Janneke en harren trije bern binne alle dagen mei de husky's dwaande. Harren bern dogge mei oan Nederlânske en Europeeske kampioenskippen en witte ek prizen yn de wacht te slepen. En noch mear leafde, dy foar hout. Maartje Kruithof (34) út Grou learde in pear jier lyn it fak fan de houtskeletbou en wurket no as timmerfrou yn Droegeham en giet alle dagen mei in soad wille nei it wurk.  

Derop út mei huskys

Hoe sit it eins mei de leafde? Tineke hat in freontsje, mar at se kieze moat, dan is de kar gau makke. "Krûpe mei de hûnen fansels, dy stean echt op nûmer ien."

Timmerfrou Maartje

Foar har manlike kollega's docht Maartje wis net ûnder. "Se is gewoan ien fan ús en wy behannelje har net oars as de manlike kollega's."

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)