Hea! fan 4 desimber 2017 17:35

Harrie van Musscher fan Harns hat syn tún al wer hielendal yn de krystsfear brocht. Ek by gelegenheden as Peaske, Halloween of in WK fuotbal pakt de âld-Amsterdammer út mei fersieringen. Mar de krystdagen fynt er sa wol hiel gesellich, ek fanwege alle omtinken dat hy der mei krijt. Al bliuwt Van Musscher ûnwennich fan de krystdagen eartiids yn Amsterdam.

Tritich jier wurke hy by de bank, mar no hat hy it roer folslein omgoaid: Gad Bros fan De Jouwer is fan bankman no bakker wurde. Yn de garaazje achterhûs boude hy nei alle gedachten de lytste bakkerij fan Fryslân fan 15 kante meter. En Bros is lokkich as hy sa dwaande is mei it bakken fan koekjes, taarten en it meitsjen fan bonbons.

Krysttún

De krysttún fan Harrie van Musscher fan Harns. 

Lytste bakkerij

It bakkerijke yn de garaazje fan Gad Bros op De Jouwer. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)