Hea! fan 4 april 2017 17:35

Ien op 'e bemester, ien op de haspels en ien oan de pomp. Heit Egbert en syn soannen Jan Peter en Gertjan Bootsma binne in echt team as se oan it sleepslangen binne. Mei lange slangen wurdt de dong dan oer it lân brocht. De trije mannen wurkje foar in leanbedriuw. Se kommunisearje troch de portofoan, mar ha oan in heal wurd al genôch.
Klaaid yn de styl fan De Stijl. Dat kin yn Drachten. Ruth Hut liet har ynspireare troch it wurk 'De Maaier' fan Theo van Doesburg, dat yn museum Dr8888 hinget. Har selsûntwurpen jurkjes, bloeskes en rokken hingje no yn har winkel te keap. En sa kinne Drachtsters hielendal oanslute by it jier fan de keunststreaming De Stijl.

Sleepslangen

Heit en soannen Bootsma fan Rien binne mei syn trijen oan it sleepslangen foar in leanbedriuw.

Klean yn De Stijl

Ruth Hut fan Drachten hat klean ûntwurpen ynspirearre op keunststreaming De Stijl.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)