Hea! fan 31 oktober 2018 17:35

Mei syn 19 jier is Leroy Bult fan De Fochtel fierwei de jongste dûnser by de Tjonger skotsploech. En hy makket ek noch sels syn kostúms fan antike stoffen. Mar Leroy hâldt fan âlde dingen. Thús hat er ek noch âlde trekkers en auto's fan it merk Hannomag. Robbert van Houten fan De Harkema is bliid as de tiid fan Halloween wer oanbrekt. Syn wenning wurdt dan omtsjoend ta grizelhûs mei skeletsjes, spûken en spinnen.

Leroy yn âlde dracht

Leroy Bult fan De Fochtel makket sels kostúms foar syn skotsploech. 

Skeletsjes, spûken en spinnen

Halloween is foar Robbert van Houten fan De Harkema de moaiste tiid fan it jier. Hjoed is it Halloween, mar Robbert pakt dagen yn it foar al flink út.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)