Hea! fan 31 oktober 2014 18:20

Nei hast 60 jier krijt de tsjerke fan Sondel in nije toer. Dit wurdt net samar in toer, mar ien fan keninklik hout. Willem Dijkstra fan Sleat is hielendal út de skroeven oer dit hout en is al folop dwaande mei de bou fan de toer.

Yn dizze lêste ôflevering oer de soarch reizgje wy nei It Amelân. Remco Visser is op it eilân sawol koördinator as ferpleechkundige fan Thuiszorg Friesland. Hy wit alles wat der bart op it eilân op it mêd fan soarch. En as it der net is, dan soarget hy dat it der komt. Remco docht it allegear efkes krekt wat oars. En dat soarget derfoar dat hy foar sawol de minsken dy't op It Amelân wenje as foar minsken dy't op fakânsje komme, spesjaal is. Ek de kollega's binne tige wiis mei him.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)