Hea! fan 31 maart 2015 18:20

Wa hat it net dien?! Mei de fakânsje mei de hiele famylje nei de minygolfbaan. Sa die Eppie Paulusma dat ek as hy op fakânsje wie by syn pake en beppe. Hy waard better en better en sa no en dan wûn hy ris in wedstriid. Yntusken is minygolf net mear wei te tinken en is hy ek noch behearder fan syn eigen minygolfbaan yn Appelskea.

Yn Easterbierrum is de hiele mienskip der mar drok mei. Dêr't foarhinne de folkstúntsjes wiene, dêr wurdt op dit stuit in prachtige kleastertún oanlein. Learlingen fan it Nordwin College Ljouwert en de bern fan it CBS de Flambou grave en skeppe yn de modder en plantsje beamkes. It moat fleurich, gesellich en grien wurde.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)