Hea! fan 31 maaie 2017 17:35

Hy stiet wer te plak: de mûne fan Graldastate. Jierrenlang stie de âlde mûne yn de binnentún fan it soarchsintrum yn Menaam, mar dy sakke samar yn mekoar. De bewenners hawwe mei man en macht soarge dat der no wer in nije mûne stiet. Jild ynsammele, kilo’s sân skept en petunia’s plante. Nei al dit wurk koenen se mei harren allen genietsje fan de iepening.

En yn Drylts komme we Myra Keizer tsjin. Sy wennet dêr tegearre mei har dochter Alicia.

De mûne fan Graldastate

Jannie Jonkers soarget derfoar dat it goed ferrint mei de iepening.

Myra Keizer en Alicia yn Drylts

De tún klearmeitsje foar de simmer.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)