Hea! fan 31 jannewaris 2019 17:35

Yn swimbad Bloemketerp yn Frjentsjer wurdt wakker trained troch de leden fan kanoklup Onder de Wadden. Foardat it seizoen wer begjint wurdt de kanofeardigens fan elk wer even byspikere. Hoe stappe je goed yn en út it boatsje, wat moatte je dwaan at je omslaan mei de boat en hoe kinne je in oar helpe dy't yn de problemen sit? 

Al hast har hiele libben sit frou Lutske van Wallinga - De Jong by in sjongkoar. Dit jier wurdt se tachtich en komt har 65-jierrich sjongjubileum der oan. It libben fan de Jouster wie net altyd maklik, se ferlear har man al hast 30 jier lyn. Mar it sjongen helpt har fierder, "sjongen is myn medisyn". 

Kanotraining yn it swimbad

Kanotraining yn it swimbad mei kanoklup Onder de Wadden yn Frjentsjer. 

65 jier sjonge

Frou Lutske van Wallinga - De Jong fan De Jouwer sit al 65 jier by in sjongkoar. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)