Hea! fan 31 jannewaris 2014 17:40

De kat Sowi is op 27 desimber 2013 ferdwûn út Ljouwert en op ûnferklearbere wize yn Grins terjochte kommen. Dêr is se op de bus stapt nei Assen en ien fan de reizgers hat der foar soarge dat se by it diereasyl terjochte kaam. Nathan, Julian en Lianne fertelle hoe't dat gongen is en dat Sowi nei fjouwer wike gelokkich wer thús is yn Ljouwert.

Wytse van der Veer is no 84 jier en is al fan syn 14e ôf kapper. Hy hat dit jier syn 70-jierrich jubileum. Wylst hy allang mei pensjoen is knipt hy noch altyd klanten yn syn salon. Mei it knippen wurdt der ek akkordeon spile troch in groepke manlju en se fine dat prachtich!

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)