Hea! fan 31 jannewaris 2012

Yn Earnewâld is der nij libben by boer Wybe Adema. It is in twaling en se hawwe de nammen Lammert en Lutske krigen. It binne gjin poppen, mar lângeiten. De earsten dy't dit jier yn Fryslân lamme binne. Adema is tige wiis mei de berte fan it twatal.

Yn Drylts is Bauke Hoogeveen nei it feilinghûs kaam foar de taksaasjedei fan militêr guod. Hy hat in tas by him mei it erfskip út de oarloch fan syn heit. Yn de tas sitte fertsjusteringslampen, mar ek bonboekjes en persoansbewizen. It guod kin noch aardich wat jild opbringe, mar dêr giet it Hoogeveen net om.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)