Hea! fan 30 septimber 2014 18:20

Praktysk elke dei fan de wike is Rimmer Cnossen te finen op de fjilden fan V.V. Heeg. Hy is al sa'n tritich jier belutsen by alles wat de fuotbalferiening oanbelanget. Gjin taak is him te mâl, mar Rimmer wol in stapke werom dwaan en net elkenien is dêr bliid mei.

Elke tiisdeitemoarn binne seis manlju oan it bouwen mei stiennen yn de buert fan Mildaam. Se wurkje sûnder plan of tekening. Der wurdt neat mitsele en alles hinget ôf fan it materiaal dat levere wurdt. De natuer kin folslein syn gong gean en sa hâlde se de ekokatedraal fan betinker Louis le Roy yn stân.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)