Hea! fan 30 oktober 2019 17:20

It seizoen fan it wettermeanen is wer úteinset en dus sit skipper Henjo Bak hiele dagen op syn wettermeanmasine om sleatten en markes yn de omjouwing fan De Jouwer skjin en frij te meitsjen fan reit en oare planten. De plakken dêr't er mei syn masine net by kin lit er oer oan syn kollega's mei seinen. En je binne nea te âld om je ambysjes wier te meitsjen yn it libben. Dat bewiist Jeen Bekkema (77) fan Warns mar wer ris. Koartlyn brocht er syn alderearste cd 'Oan 'e lette kant' út'.

Efkes te wettermeanen

En ek al hawwe de manlju grouwe wetterpakken oan, it giet soms ek wolris ferkeard.

Oan 'e lette kant

Op dizze cd stiet in hiel bysûnder en selsskreaun ferske. "Muzyk kin je helpe as in soarte fan terapy om saken út it libben in plakje te jaan."

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)