Hea! fan 30 oktober 2017 17:35

Sint-Marten komt der oan en Sinteklaas duorret noch efkes, mar foar Anneke ten Hoor út Waskemar kinne de krystdagen no al net gau genôch komme. De beam stiet al, de ljochtsjes hingje en de spuitbus mei keunstsnie giet royaal troch it hûs. It leafst soe Anneke eins it hiele jier wol yn de krystsfear wêze wolle.
De achterneven Gerben en Wieger Nijboer binne al sûnt harren tienerjierren gek op hardcoremuzyk. De yntusken tritigers giene nei alle gabberfeesten en sparren alles der fan: fan fideobannen oant t-shirts en posters. De gabbers belibben dit wykein de sfear fan doe noch in kear werom op it Thunderdome-reünyfeest yn Utrecht. En dat betsjut: de holle keal skeare, de trainingspakken wer oan en hakke mar!

Gabbers

Wieger en Gerben Nijboer ferheuge harren op it Thunderdome-feest mei hardcore-muzyk. 

Betide Krystdagen

Anneke ten Hoor út Waskemar hat yn oktober de krystbeam al stean. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)