Hea! fan 30 oktober 2014 18:20

Renze en Hillie Roorda út Kollumersweach krigen wol in hiel bysûnder kado op harren troudei. De freoneploech kaam oan mei in ein mei de namme Guus Geluk. Guus hat syn plakje fûn op de pleats fan Renze syn âlden. Renze komt alle dagen efkes del en se binne al echte maten.

Yn de wike fan de soarch folgje wy hjoed Harmen Houtman. Harmen wurdt op hannen droegen yn sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean. Hy wurket dêr al 42 jier en hy kin him gjin libben foarstelle sûnder syn berne-ôfdieling. Dat de bern, âlden en kollega's safolle fertrouwen yn en respekt foar him ha fynt hy it moaiste fan syn wurk.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)