HEA! fan 30 novimber 2021 17:15

'Grutte Pier' hjit harren âlde barrel. Auke Meijer en syn sweager Tjeerd Talman út Rottum kochten in Volvo fan tritich jier âld en makken in tocht troch Súd-Frankryk. De auto is hielendal oppimpt en beplakt mei pompeblêden, klompkes, Grutte Pier en teksten lykas 'Leaver dea as slaaf'. "Wy binne sa Frysk as wat" jouwe de mannen oan as ferklearring. De tocht ferrint lykwols net hielendal sûnder problemen. Yn Monaco slacht de pech ta. 

Mei 'Grutte Pier' nei Frankryk

Auke Meijer en Tjeerd Talman meitsje mei harren barrel 'Grutte Pier' in tocht troch Súd-Frankryk. 

HEA!

Hea! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)