Hea! fan 30 maaie 2017 17:35

    Fjouwer wike ferlyn waard Sjoerd Feenstra fan De Westereen belle troch syn heit. Der wiene by heit yn de fiver 13 jonge einen en gjin âlden. Se ha wakker socht om de heit en mem ein, mar dy wiene net te finen. Sjoerd en syn frou ha de soarch foar de bisten op harren naam en yntusken docht ek noch bliken dat it hielendal gjin einen binne.

    Ek al hie hy der as dwerse puber gjin nocht oan, dochs moast hy ferplicht fyftjin keatsballen meitsje fan syn heit. Yntusken makket Willem de Haan fan Kimswert al 45 jier ballen. Neffens De Haan komt it mei de keatssport net goed. Dus of in opfolger wol doel hat ?

    Jonge guozzen

    Sjoerd Feenstra en syn frou ha de soarch oer mar leafst tretjin skiere guozzen

    De keatsballemakker

    Willem de Haan makket al 45 jier keatsballen

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)