Hea! fan 30 maaie 2014 17:40

Juster op Himelfeartsdei wie it wer Wâldpop yn Burgum. In festival as Wâldpop kin fansels net sûnder frijwilligers. De earste band begûn healwei de middei te spyljen. Mar de frijwilligers wiene fansels al folle earder drok mei de tariedings op it festivalterrein. Uteinlik kamen der sa'n 800 besikers op Wâldpop ôf.

En gelokkich kinne de kuierders fan de kuieralvestêdetocht dit jier mei moai waar sneon de finish oer. Mar dat wie woansdei wol oars. Op it trajekt fan Sleat nei Warkum, hast 45 kilometer, wie it gjin minút droech.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)