Ferstoppe yn de wyk Oldegalileën leit de Ljouwerter stedswerf. In histoarysk plakje, dêr't in soad minsken it bestean net fan witte. Yn alle rêst wurde der op de lytse werf skipsûnderdielen makke of boaten restaureard. It wurk wurdt dien troch minsken mei in achterstân ta de arbeidsmerk troch psychyske problemen. De werf biedt harren in beskerme, rêstich wurkplak.
Ljouwert hat wer in stedsbeierdier. Foarhinne waarden de klokken allinnich mechanysk let. No beklimt beierdier Vincent Hensen eltse freed de treppen fan it stedhûs. In oere lang struit hy dan syn ferskes oer de kulturele haadstêd.